Springe nei ynhâld

Gilperik II (fan de Boergonden)

Ut Wikipedy

Gilperik II (sa 450493) wie kening fan de Boergonden. Hy wie in soan van Gundiok en hie trije bruorren, Gundobad, Godegisel en Gundomar. Gilperik wie boaske mei Karatene en hie twa dochters, wêrûnder Klotildis dy't letter mei de Frankyske kening Klovis I trouwe soe.

De bruorrekriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neidat kening Gundiok yn 473 ferstoarn wie, ferparten de bruorren it erfpart ûnder inoar. Dêrby foel Gundobad bûten de ferparting, omdat er yn Itaalje ferbleau en dêr opgong makke hie ta de heechste militêre rang fan magister militum (oerbefelhawwer) yn it westlik Romeinske leger.

Yn 474 waard Gundobad lykwols troch keizer Nepos oan de kant skood en giet er ûntheistere werom nei Galje. Hy wie it net iens mei de ferparting en der ûntstie in kriich tusken de bruorren. Yn 486 slagget Gundobad deryn Gundomar te ferslaan en nimt er syn gebiet oer. In oantal jierren letter falt er it keninkryk fan Gilperik oan.

Gilperik mei syn frou wurde yn 493 slachtoffer fan de kriich om de allinne hearskippij en fermoarde. Harren dochters kinne lykwols flechtsje. Ien dochter giet yn in kleaster en de oare, Klotilde, giet nei it hof fan har omke Godegisel yn Genêve. Troch dizze sil sy úthoulike wurde oan Klovis, kening fan de Franken.

Gregorius fan Toers, Galyske biskop