Springe nei ynhâld

Gilles van den Rade

Ut Wikipedy

Gilles van (den) Rade, latinisearring: Aegidius Radaeus, (Gint, mids 16e iuw - Frjentsjer, 20er jierren 17e iuw) wie drukker en boekferkeaper yn Frjentsjer fan 1585 oant 1611.

Van den Rade kaam fan Antwerpen dêr't er op de drukkerij fan Plantijn en ek selsstannich wurke. Hy wie de earste akademydrukker (en Steatedrukker) fan Fryslân. Van den Rade syn wurk heart ta it bêste fan dy tiid. Hy hie in moai drukkersmerk. Syn soan Abraham en syn pakesizzers Jan en Piter hawwe besocht de tradysje fuort te setten yn Ljouwert en Grins, mar dat slagge harren net rjocht.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Rade, Gilles van den.