Gieser Wildeman
Gieser Wildeman | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
| ||||||
soarte | ||||||
Pyrus communis 'Gieser Wildeman |
De Gieser Wildeman is in stienpar. It ras is kweekt troch de hear Wildeman út Gorinchem en yn de hannel brocht om 1850 hinne. Op it heden is Gieser Wildeman yn Nederlân de meast tile stienpar. Op lytsere skaal wurdt ek it stienparreras Saint Remy tile. It areaal stoofparren yn Nederlân berint sa'n 250 hektare.
Gieser Wildeman kin himsels bestowe en is ryp fan heal septimber oant begjin oktober. De beam kin it iene jier folle mear frucht drage as it oare jier, sommige jierren komme der hielendal gjin parren oan. Dat kin foarkomd wurde troch úttinjen yn jierren mei in soad fruchten.
De frucht fan Gieser Wildeman is lyts en brúngiel mei in protte brân/rust. It is in goede, wat swiete stienpar mei in protte stiensellen yn it fruchtfleis, sadat it kerrelich oanfield yn de mûle. At reade wyn of reade beiesop brûkt wurdt, siedet de par read. Sûnder dy helpmiddels wurde se op 'en doer ek read, mar dat duorret dan sa'n trije oeren.
Sykten en oantaastingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gieser Wildeman is tige fetber foar de baktearje Pseudomonas syringae, dy't takke- en blossemstjerte feroarsaket, en kin ek frijwat lest hawwe fan baktearjefjoer (Erwinia amylovora). De fruchten binne gefoelich foar stâle- en noasrot (Nectria galligena). Dan is de beam en noch fetber foar oantaasting troch parreblêdflieën (Psylla pyri en Psylla pyricola).
-
stâlerot
-
Stoofd yn reade wyn