Gielsnaffelleppelbek
Gielsnaffelleppelbek | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Platalea flavipes | ||||||||||||
Gould, 1838 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De gielsnaffelleppelbek (Platalea flavipes) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De likernôch 90 sm grutte fûgel is in grutte, smoarch-wite fûgel mei in lang leppelfoarmige snaffel, dy't typysk is foar it skaai. Underskiedend foar de soarte is de giele snaffel, de giele neakene hûd op it gesicht en de giele poarten. Der binne gjin ferskillen yn it fearrekleed tusken mantsjes en wyfkes.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gielsnaffelleppelbekken wurdt yn sompige gebieten en brak wetter sjoen, mar selden oan by sâlt wetter. Se foerazjearje yn lytse groepkes troch op foar de leppelbekken karakteristike wize mei de snaffel yn it wetter hinne en wer te swyljen.
Se briede fan septimber oant april yn it suden fan Austraalje, yn it noarden fan maart oant maaie. De briedtiid is ôfhinklik fan de lokale waarsitewaasje en it fallen fan 'e rein. Se nestelje yn koloanjes fan in pear pearkes mei oare soarten.
Der wurde meast trije aaien lein, dy't yn 26 oant 31 dagen útbret wurde. Beide âlders briede en helpe mei it grutbringen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet yn Austraalje en wurdt troch IUCN as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|