Gielbúkpappegaaido
gielbúkpappegaaido | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Treron waalia | ||||||||||||
Meyer, 1793 | ||||||||||||
IUCN-status: net-bedrige | ||||||||||||
De gielbúkpappegaaido of Waaliado (Treron waalia) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielbúkpappegaaidowen hawwe in grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't it oantal tebekrint troch biotoopferlies, wurdt de soarte as net-bedrige op 'e Reade list fan IUCN klassifisearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gielbúkpappegaaidowen binne 31 oant 32 sm lang en wege 251 oant 268 gram. De fûgel is oan 'e boppekant oliifgrien, op 'e búk heldergiel. De kop, hals en it boarst binne ljocht griisgrien. De skouders binne wynread, de poarten giel. De iris fan 'e fûgel is read en hat in ljochtblauwe eachring.
Wyfkes binne wat kleur oanbelanget itselde as mantsjes, mar wat bleker. Se binne in bytsje lytser.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gielbúkdowen ite beien, mar fral figen. Wylst oare fruitdowen yn it wyld net altiten de foarkar ha foar ien fruchtsoarte, kieze gielbúkpappegaaidowen hast altiten foar de fruchten fan 'e figebeam Ficus platyphylla, dy't likernôch 18 m heech wurde kin.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fesprieidingsgebiet fan 'e fûgels leit fan Senegal yn in brede bân nei East-Afrika oant it Arabyske skiereilân (Saûdi-Araabje, Jemen en Oman). In populaasje yn Kûweit is hjoed-de-dei útstoarn. De soarte komt foar yn in biotoop mei hege beammen yn 'e buert fan wetter oant in hichte fan 2400 m.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel nimt yn oantal stadichoan ôf, mar hat noch in grut ferspriedingsgebiet en dêrom wurdt de gielbúkpappegaaido op 'e Reade list fan 'e IUCN as net-bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Waaliagrüntaube (ferzje 19 april 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Pappegaaido
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda