Springe nei ynhâld

Geweiswam

Ut Wikipedy
geweiswam
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme slúfkeswammen (Ascomycota)
klasse kearnswamnen (Sordariomycetes)
skift houtgnodzeswammen (Xylariales)
famylje houtgnodze-eftigen (Xylariaceae)
skaai houtgnodzen (Xylaria)
soarte
Xylaria hypoxylon
(L.) Grev. 1824

De geweiswam (Xylaria hypoxylon) is in swam út de famylje Xylariaceae. De geweiswam groeit op deade tûken, houtsnypsels en ferrotte stobbes fan leafbeammen.

Geweiswam.

De geweiswam groeit faak yn boskjes en is in lytse swam fan 7 oant 8 sm heech. Te sjen is it myselium, it donkere en taaie trieddenetwurk fan 'e skimmel. Yn 'e bûkdielen dêrfan sitte de feitlike fruchtlichems (it saneamde perithecium). Oars as skors hat it fleis fan 'e stroma in wite kleur. De noch net ripe stromata dogge yn 'e foarm tinken oan in gewei fan in hert, dêrfandinne syn namme. Se binne oan 'e úteinen troch de konidiumspoaren wyt bepoeiere. Yn 'e maitiid ferdwynt de poeier en set it bûkdiel op. It oerflak is wreed fanwegen de talrike peritheciën - troch dy iepeningen ûntsnappe de spoaren nei bûten. De kleur fan it spoarepoeier is swart.

De donkeroliifbrune spoaren binne elliptysk-beanboarmich, gled en ha twa ljochtere oaljedrippen en in kymspleet. De spoarenmaat is 11-15,5 × 4,5-6,5 µm.

De geweiswam is in saprobiotyske bewenner fan ferrot hout en brutsen tûken. Selden is de geweiswam op nullehout te finen. It hiele jier kin de geweiswam oantroffen wurde yn bosk mei geskikte substraten. It is in tige algemiene soarte.

De geweiswam komt yn it west fan Noard-Amearika, yn hiel Europa en Aazje en Noard-Afrika foar.

Geweiswamkes binne net ytber.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: