Gevelsberg
Gevelsberg | ||
![]() | ||
Sintrum | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
Kreis | Ennepe-Ruhr-Kreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 30.034 (31.12.2023) | |
Oerflak | 26,34 km² | |
Befolkingsticht. | 1.140 ynw./km² | |
Hichte | 170 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 58285 | |
Koördinaten | 51°19'NB, 7°20'EL | |
Offisjele webside | ||
www.gevelsberg.de | ||
Kaart | ||
Gevelsberg is in stêd yn Noardryn-Westfalen yn it westen fan Dútslân mei goed 30.000 ynwenners (stân 2023). De stêd hat in oerflak fan 26,27 km² en leit tusken Wuppertal, Hagen en Ennepetal. It makket diel út fan 'e Ennepe-Ruhr-Kreis. Troch de stêd rint de rivier de Ennepe.
De stêd hat in lange skiednis dy't werom giet op 'e midsiuwen. Gevelsberg waard foar it earst yn 1096 neamd (as Mylinghausen), doe't de abdij Werden in kapel boude. Letter groeide de stêd út oan in hannelsrûte tusken Hagen en Wuppertal.
Yn 1225 waard aartsbiskop Engelbert I fan Keulen troch in groep manlju ûnder lieding fan Freark fan Isenberg op in hol paad by Gevelsberg by in oanslach fermoarde. Dat hie grutte gefolgen yn 'e machtsferhâldingen yn it Hillich Roomske Ryk en brocht de macht fan 'e aartsbiskoppen oan it wankeljen: in soad lytse oarloggen waarden útfochten, in hiel soad kastielen waarden boud en aadlike famylje fochten om 'e macht en oansjen. De krekte tadracht fan 'e misdied is oant de dei fan hjoed net dúdlik.
Gevelsberg hat in sterke yndustriële eftergrûn, benammen yn 'e metaalbewurking en masinebou.
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekende eveneminten binne de Kirmes (skuttersfeest), dat alle jierren fierd wurdt. In populêr sportevenemint is de Ennepe-Ruhr Marathon, dy't troch de stêd en it omlizzende natoergebiet giet.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gevelsberg fan Wikimedia Commons. |