Springe nei ynhâld

Gert en Hermien

Ut Wikipedy
Gert en Hermien Timmerman (1966)

Gert en Hermien Timmerman wiene in sjongduo dat benammen yn de jierren sechtich en santich ferneamd wie mei syn Nederlânsktalige lieten. Harren grutste súkses wie it nûmer Shalalie shalala (De duiven op de dam).

Gert Timmerman hie al in sjongkarriêre (mei Ik heb eerbied voor jouw grijze haren) doe't er 1963 in duo foarme mei sjongster Hermien van der Weide, oan wa't er dat jier ek boaske. Fanôf de jierren santich, nei't sy har ta it kristendom bekeard hiene, hawwe sy jierrenlang fral religieuze muzyk útbrocht.

Begjin jierren njoggentich kaam der in ein oan it religieusk repertôre. Yn 1999 waard it houlik ûntbûn.

Hermien stoar 23 maaie 2003 mei 59 jier oan in niersykte en Gert stoar op 28 oktober oan alfleisklierkanker yn de âldens fan 82 jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]