Springe nei ynhâld

Gerritswyk

Ut Wikipedy

De Gerritswyk is in feart yn de gemeente Smellingerlân. De wyk rint fan De Feart besuden Drachtster Kompenije nei it noardeasten oant it plak dêr't de gemeenten Gruttegast, Mearum en Smellingerlân by inoar komme: Puntpeal 13 oan de N358. It is ien fan de hiele soad wiken dy't yn noardeastlike rjochting rinne en yn de tiid fan de feanterij groeven binne. De Gerritswyk is ek de namme fan de dyk dernjonken.

In Wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart, faak om turf ôf te fieren.