Gerrit van de Linde

Ut Wikipedy
Van de Linde as studint, om 1833
(Samling Letterkundich Museum, De Haach)
Gerrit van de Linde yn Leien (rj., om 1830 hinne).
De gedichten fan de Schoolmeester.

Gerrit van de Linde (Rotterdam, 12 maart 1808Londen, 27 jannewaris 1858) wie in Nederlânsk dichter dy't publisearre ûnder de skûlnamme De Schoolmeester.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van de Linde studearre in skoft teology yn Leien, mar moast ophâlde doe't syn heit yn de skulden rekke, hy sels in ûnecht bern krige en in ferhâlding mei in heechlearaarsfrou oangie. Dat makke syn posysje ûnmooglik en in predikantskip siet der doe al hielendal net mear yn.

Doe't Van de Linde der sa oan ta wie ferfear er yn 1834 nei Ingelân. It slagge him en nim in kostskoalle yn Londen oer en meitsje der in súkselfol ynstitút fan.

Yn it skriuwen fan faak lichte en sabeare-didaktyske gedichten rûn er derút. Syn fersen waarden tige bekend yn Nederlân mei troch de war dy't syn freon Jacob van Lennep die. Van Lennep naam nei 1851 gedichten fan him op yn syn almanak Holland. Van Lennep fersoarge ek de útjefte fan syn samle wurk ûnder te titel Gedichten van den Schoolmeester (1859).

Publisearre wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gedichten

  • Gedichten van den Schoolmeester (1859)
  • Gedichten van den Schoolmeester (1942)
  • De Gedichten van den Schoolmeester (faksimilee-edysje fan de sechde printinge út 1872, mei de krûdige yllustraasjes fan Anth. de Vries; ynlieding fan Tom van Deel en Marita Mathijsen; tredde, opnij besjoene en wiidweidige printinge, Kruseman, Den Haach 1979)

Brieven

  • Waarde van Lennep, brieven van de Schoolmeester (karlêzing; 1977)
  • De brieven van De Schoolmeester (wiidweidich kommintaar en taljochting fan Marita Mathijsen, 2 dielen, 1987. Standertútjefte.)

Oer De Schoolmeester

  • M. Mathijsen, H. Eijssens en D. Welsink, Schandaal in Leiden (1978)
  • De Schoolmeester. Spesjaal nûmer fan it literêre tydskrift Bzzlletin (nr. 64, maart 1979)

Inkele bekende fragminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Een hond is vermaard
Om zijn gezellige aard
En 't kwispelen van zijn staart.
Zijn neus, doorgaans rond,
staat gewoonlijk in 't front,
En zo lang die maar nat en fris is,
Is 't een bewijs, dat meneer zo gezond als een vis is.
(út: 'De hond')

Hier ligt Poot:
Hij is dood.
(Grafschriften. Op Poot).

Een leeuw is eigentlijk iemand,
Die bang is voor niemand...
(út: 'De leeuw')

Hij die, uit vrije keus,
En in zijn achter kamer,
Met hoofdpijn als een hamer,
En volgestopten neus,
Met klemming op zijn water,
En lusten als een kater,
En met een stijven nek,
En vijf gebroken ruiten,
En deuren, die niet sluiten,
En 't Pootjen in zijn kuiten,
Er uitziet als een gek;
Is min nog te beklagen
Dan hy, die drie paar dagen,
In 't woelziek schoolvertrek,
De veestlucht en den drek,
De snotneus, d'Ezelsvragen,
't Afzichtlijk nagelknagen,
Het krabblend luis-verjagen,
De vuile witte kragen,
En 't hartverduiv'lend plagen
Der Jonkheid moet verdragen.
(Schoolmeesters)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]