Gerrit Bouma
Gerrit Jan Anderssoan Bouma (Snits, 1907 - Olterterp 1997) wie lânboukonsulint, bestjoerder, dykgraaf en deskundige op it mêd fan Fryske pleatsen.
Neamt himsels nei it Fryske foar Gerrit "Kai". Wie foarsitter fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou (1961-1973). Nei de stúdzje te Wageningen wurdt er ryksamtner (1940-1960, fan 1947-1960 rykslânboukonsulint foar pleatsebou, kearde him tsjin asbestsemint foar dakbedekking).
Sûnt 1960 boer yn Kimswert op it bedriuw fan memmekant dat hy al yn 1952 yn gebrûk naam. Sûnt 1971 dykgraaf (wetterskip Fiif Deelen Seediken Bûtendyks), foarsitter fan de Praktykskoalle foar feehâlderij en Greidebedriuw yn Oentsjerk (1961-1974), foarsitter Frisiana (1963). Naam yn 1960 ûntslach út ryksfunksje. As foarsitter fan de Fryske Mij hie hy grutte ynfloed op it Frysk Struktuerplan foar de lânbou dat de trije stânsorganisaasje mei-inoar útbrochten. Hjiryn waard pleite foar skaalfergrutting yn de Fryske lânbou (1970).
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skreau in soad artikels. Yn boekfoarm ferskynden:
- De nije Fryske pleats (1947, ek yn Nederlânske oersetting)
- Doelmatige Friese boerderijen (1961)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|