Georg Wolfgang Schwartzenberg thoe Hohenlansberg

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Georg Wolfgang Schwartzenberg thoe Hohenlansberg (1549-1633), skilderij fan Johann Schweizer (1625-1670)
Georg Wolfgang Schwartzenberg thoe Hohenlansberg yn 1659 makke troch portretskilder Pieter Schik en graveur Johannes Schweizer (graveur)[1]

Georg Wolfgang Schwartzenberg thoe Hohenlansberg (1549- 10 maart 1633) wie in Frysk politikus.

Georg Wolfgang wie de soan fan Johan Onuphrius thoe Schwartzenberg en Marije fan Grumbach.

Yn 1579 boaske hy Sjouck fan Meckema en krige mei har twa bern: Willem Balthasar (†1639) en Frederick (1582-1640).

Neidat Sjouck yn 1587 ferstoar, troude Georg Wolfgang yn 1596 yn Bitgum mei Doedt Wilcoos fan Holdinga út Eanjum. Mei har krige er fjouwer bern: Wilco Holdinga thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1 desimber 1598 - 1668), Johan Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1600-1656), Georg Frederick thoe Schwartzenberg (1607-1670/1679) en Susanna fan Schwartzenberg en Hohenlansberg (†1624).

Hy wie trije kear deputearre foar Westergoa Menameradiel. De earste kear fan 1591 - 1598 tsien jier letter nochris fan 23 maart 1608 oant 28 jannewaris 1614 en wer tsien jier dêrnei fan 15 april 1624 oant 18 maart 1631. [2]] Neist deputearre wie hy yn 1586 folmacht lândei. Hy waard letter ek gesant fan de Deenske kening. Fan 1584 ôf wenne hy yn Bitgum op Grut Terherne en ferstoar op 84-jierrige leeftyd en waard begroeven yn Bitgum.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • M. de Haan Hettema en A. van Halmael - Stamboek van den Frieschen, vroegeren en lateren, adel (2 dielen, Ljouwert 1846) I, 340 en II, 227.
  • Nederland's Adelsboek (De Haach 1903-) 44 (1951) 204.
  • O. Vries en oaren - De heeren van den raede. Biografieën en groepsportret van de raadsheren van het hof van Friesland, 1499-1811 (Hilfertsom 1999) 259.