Geocraft

Ut Wikipedy

GeoCraft is in Nederlânske non-profit Minecraft- server laat troch it GeoFort. It GeoFort is in wittenskiplik sintrum en museum, leit yn Herwijnen.

Yn it spultsje bouwe spilers hiel Nederlân nei yn Minecraft op basis fan de laden foarmen fan gebouwen. Tusken 2013 en 2015 waard de heule kaart laden mei de help fan de ryksoerheid, FU Amsterdam en Geodan. De oarspronklike bedoeling is om bern, benammen tusken 8 en 14, mear romtlik ynsjoch te jaan.

Sawat 1000 miljard blokken binne laden. Elk blok soe yn it echte libben 1x1x1 meter wêze.

Frijwilligers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It spultsje wurdt beheard troch frijwilligers. De mienskip hat no 400 boargemasters en riedsleden, 30 kommissarissen fan 'e kening, 3 kommissarissen en 6 ministers.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

GeoCraft begon as freebuild server. Dy ferzje rûn in pear jier foardat GeoCraftNL oprjochte waard. De earste ferzje hold it net net lang út. De earste dei dat de server online wie, crashte de server en waard oerdroegen oan de hjoeddeiske behearder, Koen Lemmen .

Yn 'e earste ferzje koene alle spilers oeral bouwe. Ferskate dingen wiene ferneatige en der waarden ûnwinsklike dingen boud. Doe waard besletten de server te befeiligjen. Sûnttiids moatte nije spilers harren earst oanmelde, en dan kinne se tagongsrjochten freegje om op in plak te bouwen fia it Minecraft Land Registry .

Rangen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spilers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gast

In nije spiler dy't nei oanmelding de rang fan boarger krijt

Boarger

In spiler dy't in perseel oanfreegje kin fan in boargemaster en dêr bouwe kin.

Personiel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wethâlder

In moderator yn 'e server en jout in soad ynformaasje oan (nije) spilers. Dizze rol waard eartiids "GeoLoco boargemaster" neamd.

Boargemaster

In moderator dy't perselen oan Boargers jaan kin.

Kommissaris fan de kening (CVDK)

In personielslid dy't tastimming hat foar in systeem wêrmei't jo fluch bouwe kin (WorldEdit); se sjogge der ek op ta oft oare personielsleden harren wurk goed dogge. De minimale leeftyd is 14 jier.

Deputearre

Deputearren geane oer de Tech-side, se hawwe deselde tagongsrjochten as CVDK's, mar meitsje Minecraft-plugins foar de server. Jo kinne op elke leeftyd deputearre wurde.

Minister

Baas fan alle personielsleden, se stjoere ek de CVDK's en de Kommissarissen oan. Ministers hawwe alle tagongsrjochten op 'e server. Dizze rol waard eartiids "King's Son" ('Keningssoan') neamd.

Kening

Kening Koen (Koen Lemmen) beheart de server en is ek de makker fan GeoCraftNL. Hy hat deselde tagongsrjochten en plichten as de Ministers.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: