Geke Hoogstins
Geke Hoogstins (Kollumerlân, 1956) is in byldzjend keunstner út Eext.
Geke Hoogstins is hikke en tein yn Fryslân mar ferfear letter nei Grins. Se waard talitten op de Akademy Minerva, mar keas nei in pear wike foar dûns, teater en ûnderwiis. Se studearre cum laude ôf oan de PABO yn Grins. Nei jierren foar de klas stien te hawwen besluet se har yn 1996 hielendal op it keunstskilderje te rjochtsjen.
Wyls hat se in eigen atelier dêr't se har wurk eksposearret en yn opdracht wurket. Grutste ynspiraasjeboarne is de natoer yn kombinaasje mei har eigen omjouwing. Soks liedt ta wurken yn akwarellen en doeken mei bisten yn it lânskip. Se besiket dêryn de sfear wer te jaan dy't se fielt; fan oangedien oant en mei humor.
Materialen binne oaljeferve en papier dêr't se mei de techniken akryl, akwarel en oaljefreve op wurket.
Yn de maitiid fan 2008 die se mei oan in kulturele útwikseling mei Ruslân. It Nederlânske lânskip stie dêr sintraal. Op de universiteit joech se in lêzing oer it projekt KEUNSTlânskip.
Yn har boek Keunstlânskip, Drintske Aa en Hunze yn akwarel lit se mei har pinsiel it mystearje fan it lânskip, de idyllyske skientme fan de natoer troch it jier hinne sjen. Troch de ferhalen by de akwarellen besiket se har leafde foar de natoer wer te jaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|