Geke Faber

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Geke Faber yn 1985

Geesje Hendrika (Geke) Faber ('s-Graveland, 5 augustus 1952) is in Nederlânsk politikus dy't yn Sânhuzen wennet.

Faber wie sjoernaliste foar in bedriuwsblêd, foardat hja yn 1978 bestjoerslid waard fan de Reade Froulju yn de Partij fan de Arbeid en lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fan 1990 - 1998 wie hja boargemaster fan Seewâld.

Yn 1998 waard Faber steatssekretaris fan Lânbou, Natoerbehear en Fiskerij belêst mei natoerbehear, fiskerij en fiedingsoangelegenheden yn it kabinet Kok II. Dêrnei wie se waarnimmend boargemaster fan Wageningen en sûnt 18 oktober 2005 fan De Helder. Oant juny 2007 wie hja waarnimmend boargemaster fan De Helder. Op 1 oktober 2007 waard hja boargemaster fan Saanstêd.

Geke Faber is troud mei âld-politikus Hero Werkman.