Geert Lageveen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Geert Lageveen (Drachten, 19 maaie 1961) is in Fryske toaniel, telefyzje- en filmakteur. Hy hat in soad gastrollen hân yn Nederlânske telefyzjesearjes, en spile fan 2002 oant 2003 ien fan de haadrollen yn de dramasearje Ernstige Delicten.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy studearre fan 1982 oant 1986 oan de Tonielskoalle Amsterdam en rjochte nei syn slagjen it toanielselskip Illyrie op mei twa klasgenoaten.[1] Foar dit selskip skriuwde hy stikken, wylst er teffens meidie as akteur by ferskate teatergroepen yn Nederlân.

Wyls wie hy ek te sjen yn films as De Bunker (1992) mei ûnder oaren Thom Hoffman en Huub van der Lubbe, Richting Engeland (1993) mei Peter Faber dêr't hy in haadrol yn hie en Lang leve de koningin (1995), mei Monique van de Ven as de keninginne. Ek wie hy te sjen yn telefyzjesearjes as Baantjer, Unit 13, In naam der Koningin en Wilhelmina. Yn 2002 krige hy in wichtige haadrol yn de dramasearje Ernstige Delicten fan de VARA, dêr't hy twa seizoenen lang yn te sjen wie as resjersjeur Remco Doeksen. Fierders hie hy noch filmrollen yn Mariken (2000), Kees de jongen (2003) en Afblijven. Ek wie hy te sjen yn Fryske produksjes: yn 2006 as Jedde yn de film Sportman fan de ieu en in jier letter yn Dankert & Dankert.

As regisseur hat Lageveen ûnder oare twa foarstellings regissearre fan it kabaretduo Plien en Bianca. Hy fersoarget mei yngong fan it teaterseizoen 2008-2009 foar de tredde kear de rezjy foar Veldhuis en Kemper, dy't yn it nije seizoen mei de foarstelling Tijd heeft alle zonden op de planken stean sille.[1]

Sûnt 2000 is hy ferbûn oan it toanielselskip Orkater, dêr't hy tegearre mei akteur Leopold Witte stikken foar skriuwt. Hjirta hearre ûnder mear Conijn van Olland, De Gouden Eeuw, IK en Bloedband, dêr't it duo tagelyk yn meispilet. Lageveen en Witte reizgen fan 29 april oant 15 maaie 2008 nei Uruzgan as tarieding op harren nije stik Kamp Holland, dat fan novimber ôf opfierd wurdt.[2]

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. 1,0 1,1 Geert Lageveen Bureau Grosfeld
  2. Orkater speelt Kamp Holland Orkater.nl (2008)