Springe nei ynhâld

Geert Bisschop

Ut Wikipedy

Geert Bisschop (Steenwijkerwold, 7 septimber 1908 - Schoonebeek, 29 july 1943) wie in Nederlânske boargemaster yn de Twadde Wrâldoarloch foar de NSB.

Geert Bisschop wurke foar de Twadde Wrâldoarloch op de sekretary fan gemeente Oosterhesselen. Omdat er dêr gjin takomstperspektiven hie, waard er lid fan de NSB. Op 10 novimber 1941 waard er boargemaster fan Schoonebeek, as ferfanger fan Hans van Ek, dêr't er trochgie mei it fanatyk jacht meitsjen op ûnderdûkers. Dit wie (nei alle gedachten) foar it ferset dêre oanlieding om in oanslach op him te dwaan. Dat barde op 29 july 1943 yn de boargemasterskeamer yn it gemeentehûs. Bisschop waard om it libben brocht mei pistoalskotten, wêrby't ek amtner en ek NSB'er Roelof Jan Oostindiën omkaam. De tafallich passearjend amtner Pieter de Boer ferstoar troch in ferdwaalde kûgel.

De dieders waarden net pakt, wol waard fjildwachter Johannes Kippers arrestearre. De Dútsers hiene sterke fermoedens dat Kippers belutsen wie by de oanslach, omdat er yn de direkte buert wie en de oanslach net behindere hat.

Bisschop wie troud en hie ien soan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: