Gauke Boelens
Gauke Boelens (Drachten, 18 april 1886 - Grins, 29 jannewaris 1942), wie koperslagger en winkelman yn Drachten en wethâlder fan Smellingerlân.
Hy wie in soan fan koperslagger Luitzen Boelens en Hinke Bosma. Syn pake Gauke hie itselde berop. Syn soan Luitzen Gauke Boelens (1920-1990) waard boargemaster fan Baarderadiel en Weststellingwerf.
Boelens wie lid fan de gemeenterie fan Smellingerlân fan 1919 oant 1935, fan Provinsjale Steaten fan 1927 oant 1941, fan Deputearre Steaten fan 1935 oant 1941. Hy befoardere de ûntjouwing fan Drachten. Lid fan it Frijsinnich Demokratysk Bûn en foarsitter fan de ôfdieling Drachten, letter fan federaasje Fryslân, fan dy bûn. Neist dy funksjes siet er noch yn tal fan bestjoeren fan pleatslike en lanlike organisaasjes.
Krekt foar syn dea yn 1942 lei er noch mei de grûnslach foar in fersetsorganisaasje yn de omkriten fan Drachten.[1]
Yn Drachten is de Gauke Boelensstrjitte nei him neamd.
-
Boelens' grêf op it Suderbegraafplak, Drachten
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|