Springe nei ynhâld

Gauckemastins

Ut Wikipedy

Gauckemastins of Galamasate lei benoarden Aldwâld by “de Wirden” of Aldwâldmersyl. Fan de sate is neat werom te finen.

By de Wirden benoarden Wygeast lei op Aldwâldmersyl de sate Gauckema, sa fermelden yn 1624, en letter “Galamasate” neamd. In stins wurdt it net neamd. De sate is nijsgjirrich omdat er it stamhûs wie fan in aadlike family dy't oan it begjin fan de 16e iuw mei Remmersma's fan Dokkum, Mellema's fan Eastrum en Bootsma's fan Kollum fersweagere wie.

Ein 15e iuw wenne Ritscke Gauckema dêr (hy neamde him nei syn frou ek Bootsma, sjoch Bootsmastate yn Kollum en Remmersma fan Dokkum). Dy syn dochter Eets troude mei Poppe Riemersma alias Mellema. Yn 1543 hie yndie Poppe Mellema lân “by Oltwaltmer syel”. Syn dochter Luts wie de skoanmem fan Otto fan Galama waans dochter Aelcke Galama, oerpakesizzer fan Poppe Mellema dus, yn 1624 eigeneresse wie. Aelckes dochter Sjouck fan Hiddema troude mei Epe Douma, dy't yn 1640 as eigener neamd wurdt. Yn 1700 wurdt de sate omskreaun as “zate omtrent Oudwoudmerzyl”.

Bewenners
  • ± 1490 Ritscke Gauckema
  • Poppe Riemersma/Mellema
  • Luts Mellema
  • Otto fan Galama
  • 1624 Aelcke fan Galama
  • 1640 Sjouck fan Hiddema en Epe Douma

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • States en stinzen yn Fryslân