Springe nei ynhâld

Gary Hug

Ut Wikipedy

Gary Hug is in Amerikaansk amateur-astronoom.[1] Mei Graham E. Bell hâldt er it Farpoint Observatory fan de Northeast Kansas Amateur Astronomers League (NEKAAL) yn Eskridge yn Kansas yn it wurk.

Hy ûntduts tusken 1999 en 2006 goed 40 asteroïden[2]. Dêrnjonken wie er mei oaren ûntdekker fan de komeet 178P/Hug-Bell.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The 2009 Shoemaker NEO Grant Recipients - What We Do | The Planetary Society
  2. Minor Planet Discoverers