Galiléakapel (Ljouwert)
Galiléakapel | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | Droevendal 9 | |
koördinaten | 53°12' N 5°48' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Sândedei-advintisten | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1850 | |
Webside | ||
Side fan de De Christengemeenschap | ||
Kaart | ||
De Galiléakapel yn Ljouwert is in eardere herfoarme kapel út 1850 en sûnt de jierren 1980 it plak dêr't de Christengemeenschap gearkomt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kapel stiet op it plak dêr't ea it Fransiskaner kleaster stien hat, dat mei de reformaasje opheven waard.
Yn 1850 liet de herfoarme tsjerke in ienfâldich gebou delsette foar earme minsken om dêr godstjinstûnderrjocht te krijen. De kapel krige yn 'e folksmûle ferskillende bynammen. Guon neamden de kapel it 'Skipperstsjerkje' om't de skippers fan 'e Easterkade dêr harren tsjerketsjinst fierden. Oaren neamde it de 'Earappeltsjerke' om't de skippers earappelkistjes meinamen om op te sitten [1] en wer oaren joegen it de namme 'Earmetsjerkje'.
It Van Dam-oargel út 1865 dat hjir oarspronklik stie ferhûze yn 1924 nei de Herfoarme tsjerke fan 'e Rottefalle.[2]. Sûnt 1930 waard de kapel brûkt troch de Feriening fan Frijsinnige Herfoarmen en ferlear it gebou tydlik de tsjerklike funksje. Letter, yn 'e jierren 1950 en 1970, krige it syn tsjerklike funksje werom doe't it gebou ferhierd waard oan oare lytse tsjerkegenoatskippen.
In ôfbraak yn 'e jierren 1980 waard tefoarren kommen troch't de Christengemeenschap it gebou oankocht. It gebou waard renovearre en krige doe ta oantinken fan it Galileeërkleaster, dat ea op dit plak stie, de hjoeddeiske namme.[3]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it tsjerkje stiet in sekretêre-oargel út 1819.
Lokaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke stiet oan in grienfersjenning en wurdt fan alle kanten omsletten troch de bebouwing fan 'e Twibaksmerk, Tunen, Easterkade en Droevendal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|