Gävle
Gävle | ||
It stedhûs | ||
Polityk | ||
Lân | Sweden | |
Provinsje | Gävleborgs län | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 95.055 (2011) | |
Oerflak | 41,79 km² | |
Befolkingsticht. | 1.644 / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
www.gavle.se |
Gävle ( as Gevle) is in Sweedske stêd yn it lânskip Gästrikland en de provinsje Gävleborgs län. It is de haadstêd fan dy provinsje en ek fan de gemeente Gävle. Gävle leit 200 km benoarden Stockholm. Sûnt 1966 wurdt alle jierren yn de Krysttiid, yn it stedssintrum, in grutte bok fan strie oprjochte: de Gävlebok
Yn 1446 krige de stêd stedsrjochten fan kening Kristoffel III fan Denemark, dat it is ien fan de âldste stêden fan Norrland. Yn it ferline wie de haven fan belang foar de houteksport, no is it in opslachplak foar ierdoalje.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gävle leit oan de Eastsee, oan de mûning fan de Gävle, de Testeborivier en by de mûning fan de rivier Dalälven. It klimaat is te fergelykjen mei dat fan it oare Mids-Sweden, mei trochstrings temperaturen fan -5 °C yn jannewaris en 17 °C yn july. De delslach is sa'n 600 mm it jier.
Ferneamde lju út Gävle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Alexandra Dahlström – aktrise (Fucking Åmål, GTST)
- Ingrid Wickman – Cat Stevens syn mem
- Robert Sund – 19 april 1942, komponist, dirigint en sjonger
- Adolf Ahlgren – betinker fan it Läkerolsnobke
- Bo Ekelund – atleet
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gävle fan Wikimedia Commons. |