Springe nei ynhâld

Runen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Futhark)
Noardlike runenalfabet futhark
Angelsaksyske runenalfabet futhork

Runen (of it runeskrift) is it âldst-bekende skrift dat yn Germaanske lannen brûkt waard; it bestiet út letters fan rjochte en hoekige linen dy't maklik yn stien of hout skrast wurde kinne. Nei de earste seis letters hjit it ek wol futhork.

Rune-ynskripsjes binne bekend fan sa. 200 oant 1200 nei Kristus, en yn Skandinaavje noch in pear iuwen langer. Hjirnei ferlear it skrift stadichoan de konkurrinsjestriid mei it Latynske alfabet. It skrift waard benammen foar ynskripsjes op wapens, deiske korrespondinsje, grêfstiennen, ensfh., brûkt. Yn hast alle gebieten dêr't Germaanske folken (wêrûnder de Wytsingen) west hawwe, kinne rune-ynskripsjes oantroffen wurde.

De runetekens waarden, neist harren deiske gebrûk, ek foar it wiersizzen brûkt: omt elk skriftteken de namme fan in wurd draacht, waarden hjiroan magyske betsjuttings takend. It Dútske tiidwurd raunen (flústerje) is oan rune besibbe.

Tige bekende antike rune-yskripsjes binne:

  • EK HLEWAGASTIZ HOLTIJAZ HORNA TAWIDO („ik, Liuwgast, soan fan Holty, foltôge de hoarn“): op ien fan de Gallehus-hoarnen;
  • GUTANI O WIHAILAH („der Goaten erfdiel, wijd en hillich“, folút moat der OÞAL WIH HAILAH stean): op de Ring fan Pietroassǎ.

Yn it Sweedske Dalarna waarden guon kalinders noch oant resinte tiden yn runen opsteld.

De runestien fan Tyke Viking yn Växjö

Utsein dat elk teken in klank hat en brûkt wurde kin om mei te skriuwen, hat eltse rune ek in eigen namme en wurdt de runen ek in magyske betsjutting takind. Runen wurde tsjintwurdich soms bestudearre en brûkt troch paganisten om harren heidensk kultureel-histoaryske wearden en ek foar harren tawiisde magyske eigenskippen.

In foarbyld fan in soad foarkommend gebrûk ûnder inkele paganisten is it smiten fan runestiennen. Dit binne stiennen mei elk ien runeteken derop dy't tagelyk smiten wurde, wêrnei't der oan de struktuer fan de posysje fan 'e sichtbere tekens op de fallen stiennen bepaalde betsjuttings ûntliend wurde kinne, oer bygelyks ynsjoch yn in sitewaasje, fraach of in op de takomst rjochte saak. De betsjutting fan in rune is negatyf as it symboal op de kop stiet. De yndividuele betsjutting de rune is fan belang, en ek it ynsjoch dizze te kombinearjen mei de betsjutting fan oare runen dy't tegearre prominint nei foaren komme yn in woarp, neffens in troch de brûker hantearre systeem.

It runeskrift hat in tal oerienkomsten mei it Latynske alfabet. Nei alle gedachten is it fan Italjaanske oarsprong. It is mooglik dat it ûntliend is oan de Retiërs, in folk dat yn de iuwen foar ús jiertelling yn de Alpen wenne. De Retiërs soenen op harren beurt harren skrift oan de Etrusken ûntliend hawwe, dêr't hja yn de Poflakte kontakt mei hienen.

Noardse mythology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de ferhalen út de noardse mythology wurdt oan it wurd runen in oare betsjutting jûn, nl. dy fan wiisheid, kennis fan it ferburgene. Yn de Hávamál wurdt ferteld fan Odin, dy't yn syn einleaze syktocht nei mear wiisheid, himsels 9 nachten lang oan in beam ophong, wêrby er ta ynsjoch kaam dat it geheim efter de runen djip yn syn eigen binnenste ferburgen siet.