Fuotbalferiening Jirnsum
Appearance
| Fuotbalferiening Jirnsum | ||||||||||||||||||||||
| Oprjochte | 28 desimber 1931 | |||||||||||||||||||||
| Plak | Jirnsum | |||||||||||||||||||||
| Sportkompleks | De Bining | |||||||||||||||||||||
| ||||||||||||||||||||||
Fuotbalferiening Jirnsum is de fuotbalferiening fan Jirnsum. De klup is oprjochte op 28 desimber 1931 en spilet op de fjilden fan sportkompleks "De Bining" oan de Gravinnewei. Ek de keatsferiening, de tennisferiening, de muorrekeatsferiening en de jeu de boulesclub brûke de akkomodaasje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn desimber 1931 stuts in tal doarpsgenoaten de koppen byinoar om te kommen ta oprjochting fan in fuotbalferiening, wat resultearre yn in oprjochtingsgearkomste op 28 desimber dat jier. It tenu fan de klup bestiet út in oranje shirt, swarte broek en oranje sokken.
De klup spile earst op It Bleekje. Ein 1934 kaam der in klaaiboks by. Yn 1977 kaam de nije akkomodaasje "De Bining" ree mei in kantine en klaaigelegenheden: "De Foltreffer".
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|