Springe nei ynhâld

Fuotbalferiening De Sweach

Ut Wikipedy
VV De Sweach
Oprjochte: 14 maaie 1931
Plak: Beetstersweach
Tal leden: mear as 300
Tenu

Fuotbalferiening VV De Sweach út Beetstersweach waard offisjeel op 14 maaie 1931 oprjochte, maar offisjeus wurdt der al sûnt 1904 fuotballe. De oarspronklike namme wie: "Woodboys".

Omdat der al in fuotbalklup mei dy namme bestie moast der in oare namme keazen wurde. Sa waard de klup "VV De Sweach".

Yn de oarlochsjierren wienen der sa'n bytsje leden dat gearwurke wurde moast mei de gymnastykferiening "Frisia". Dy gearwurking duorre oant 1968.

Yn 2007 hie de feriening mear as 300 leden:

  • in sneonsôfdieling mei drie senioren-alvetallen
  • in sneinsôfdieling mei twa senioaren-alvetallen
  • in jeugdôfdieling mei sawat 200 leden. Het zaterdag 1e team speelt

Sportkompleks "De Boskfinnen" waard 30 augustus 1980 iepene. It leit middenyn it doarp oan 'e râne fan de bosken dy 't by de state fan de famylje Van Harinxma hearre.

Tsjintwurdich spylje ek 'grutte' klups, dy't foar in UEFA Cup tsjin SC It Hearrenfean spylje moatte, op De Boskfinnen. Se sliepe dan faak yn hotel Lauswolt dat flakby stiet. Sa hawwe bygelyks VfB Stuttgart en Newcastle United der alris west. Op 27 july 2007 oefene It Hearrenfean, krektas in jier earder, tsjin it Grykske Xanthi. Mear as 1200 taskôgers seagen It Hearrenfean winnen mei 3-2.

75-jierrich jubileum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de simer fan 2006 waard it 75-jierrich jubileum fierd mei û.o. in clinic foar de jeugleden ûnder lieding fan SC It Hearrenfean, in lêzing fan Foppe de Haan foar alle sponsors en in oefenwedstryd fan SC It Hearrenfean op it kompleks.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]