Springe nei ynhâld

Fuotbalferiening Blauhûs

Ut Wikipedy

VV Blauhûs is de fuotbalklup fan Blauhûs yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Der binne 3 teams fan senioaren, 2 junioaren en 3 pupillen.

De feriening is oprjochte yn 1932 as BVC (Blauwhuister Voetbalclub), mei troch ynset fan kapelaan Amse. Omtrint de oarloch spile men op de "Hege Njoggende" oan de Blauhústerleane tusken Blauhûs en Greonterp. Om-ende-by 1950 waard de namme feroare yn VV Blauhûs. Midden jierren 50 ferhuze de klup nei it hjoeddeiske fjild oan de Gerben Rijpmastrjitte.

Tenu: griene shirts en sokken, wyt broekje.

Kepppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]