Fuotangel

Ut Wikipedy

In fuotangel of kraaiepoat is in wapen mei fjouwer of mear punten dêr't der altyd ien fan nei boppe wiisd. De kraaiepoat hat syn namme te tankjen oan syn likenis mei de fûgelpoat.

In fuotangel wie bedoeld om de opmars fan ynfantery of kavalery (hynders, oaljefanten, kamelen) te fertraagjen troch it ferwûnen fan foet of poat. Tsjintwurdich wurdt de kraaiepoat almeast tapast as wapen tsjin reau; de skerpe punt tsjinnet dan om luchtbannen lek te stekken.

De fuotangel wurdt al beskreaun troch Romeinske histoarisy. Neffens Quintus Curtius (Historiae Alexandri Magni, boek IV.13.36) soe de fuotangel, by de Romeinen tribulus of murex ferreus neamd, al yn de Slach by Gaugamela yn 331 f.Kr. troch Aleksander de Grutte brûkt wêze. De lettere skriuwer Vegetius jout yn syn De Re Militari (boek 3.XXIV) foarskriften oer it gebrûk fan de fuotangel.

Fuotangels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]