Fryske lândei
Yn it tiidrek fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen bestie de Fryske Lândei (gearkomste fan de Steaten) út ôffurdigen fan de fjouwer 'kertieren': dat fan de Alve Stêden en de trije plattelânsdistrikten (Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden), ferdield yn tritich gritenijen, elts mei in grytman oan it haad. Ljouwert wie sit fan it bestjoer, en de lândei waard foarsitten troch de steedhâlder. Oan de mûglik stadige beslútfoarming waard yn de 18e iuw de Hollânske útdrukking 'op zijn elf en dertichst' taskreaun. De oarspronklike betsjutting wie lykwols, krekt as by it Fryske 'op syn alf-en-tritichst' dy fan: eat wat yn oarder wie, eat wat sekuer makke wie.
De Fryske lândei wie de foarrinner fan de Steaten fan Fryslân en waard troch de hartoggen fan Saksen yn 1498 ynsteld doe't sy in sintraal bewâld oer Fryslân festigen. Seis jier letter (1504) leinen sy de boppe neamde bestjoerlike yndieling fan Fryslân fêst.