Fryske Akademy
De Fryske Akademy is in organisaasje dy't wittenskiplik ûndersyk docht nei de Fryske taal en kultuer, en him dêrby profilearret as "it sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en ûnderwiis yn en oangeande Fryslân en syn mienskip, syn taal en kultuer"[1] De Akademy is oprjochte yn 1938 en hâldt kantoar yn Ljouwert, yn it Coulonhûs. De Fryske Akademy is ien fan de ûndersyksynstituten fan de Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskippen (Koninlijke Nederlandse Academie voor Wetenschappen; KNAW).
It grutte Wurdboek fan de Fryske taal/ Woordenboek der Friese taal is yn opdracht fan de Akademy makke. Dêrnjonken hat de Akademy noch likernôch tûzen boeken en oare publikaasjes útjûn.
Organisaasje
De deistige lieding fan de Fryske Akademy is yn hannen fan de direkteur-bestjoerder. Op it stuit is dat prof. Reinier Salverda. De direkteur-bestjoerder krijt stipe fan in ploech minsken, it management team, ek de direkteur-bestjoerder sels makket ûnderdiel út fan dizze ploech. It management team hat de deistige lieding oer de Fryske Akademy, de ploech is fiif man machtich.
Sûnt 2005 hat de Fryske Akademy ek in Rie fan Tafersjoch. De Rie bestiet út fiif minsken en hâldt tafersjoch op it fierde belied.
Stavering fan it Frysk
Foar de oprjochting fan de Fryske Akademy wie it skriuwen fan de Fryske stavering it wurk fan yndividuële persoan lykas Gysbert Japiks, Joast Hiddes Halbertsma en Harmen Sytstra. De Selskipstavering fan 1879 wie de earste dy't kollektyf fêstlein waard. De Fryske Akademy waard oprjochte yn 1938 en hold him fuort al dwaande mei staveringssaken. Yn 1945 makke de Fryske Akademy de Akademystavering. By de staveringsferoaring fan 1945 wie gjin dúdlike regeling foar de stavering fan frjemde wurden makke. Dêrom publisearre de Fryske Akademy yn 1952 in List fan frjemde wurden. Yn 1969 helle de Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân it foech oangeande de Fryske stavering nei him ta. Yn de praktyk nei 1969 wie de Fryske Akademy de útfierende en riejouwende ynstânsje op it mêd fan stavering. Foar de Steatestavering fan 1980 hat de Fryske Akademy advys jûn oan Provinsjale Steaten. Nei it fêststellen fan de stavering fan frjemde wurden troch Deputearre Steaten yn 1982 wie der ferlet fan in nije list fan frjemde wurden. De Nije list fan frjemde wurden ferskynde yn 1993 en wie gearstald troch de Fryske Akademy. Yn it jier 2000 is in twadde printinge ferskynd, oanfolle mei nije frjemde wurden.
Literatuer
- Johan Frieswijk (2000) “De oprjochting fan ‘e Fryske Akademy (1938)” in It Beaken 62, 245-265.
- H.H. Munske et al. (red.), Handbuch des Friesischen. Handbook of Frisian Studies. Max Niemeyer Verlag, Tübingen 2001.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|