Springe nei ynhâld

Frosty Calf Boss Ribs

Ut Wikipedy
Frosty Calf Boss Ribs
politikus
echte namme Forrestina Little Dog
   Calf Boss Ribs
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 12 april 1955
berteplak Browning (Montana)
etnisiteit Swartfuotsk
partij Demokratyske Partij
Lid fan it Hûs fan Offurdigen fan Montana
amtsperioade 2013 – no
foargonger Joe Read
opfolger noch ûnbekend
fise-foarsitter fan 'e Swartfuot Naasje
amtsperioade 2012 – no
Lid fan it Hûs fan Offurdigen fan Montana
amtsperioade 20092011
foargonger Joe Read
opfolger Joe Read

Frosty Calf Boss Ribs (folút: Forrestina Little Dog Calf Boss Ribs; Browning (Montana), 12 april 1955) is in Amerikaansk skoaljuffer, bestjoerster en politika fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja is in lid fan 'e Swartfuot Naasje, en hie fan 2009 oant 2011 en fannijs sûnt begjin 2013 in sit yn it Hûs fan Offurdigen fan 'e Amerikaanske steat Montana.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Calf Boss Ribs waard yn 1955 berne as Forrestina Little Dog yn Browning, it haadplak fan it Swartfuot Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Montana. Hja is in etnyske Swartfuot-Yndiaanse en in lid fan 'e Swartfuot Naasje, dat in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten is. Se learde foar skoaljuffer en behelle datoangeande in bachelortitel oan 'e Universiteit fan Montana.

Yn 1983, doe't se 28 jier wie, troude Calf Boss Ribs mei de fiif jier âldere Patrick Calf Boss Ribs, byneamd 'Bum' ("Skoaier"). Ut dat houlik waarden trije soannen (Patrick jr., Forrest en Ronald) en fjouwer dochters (Shelly, Kathy, Lynnette en Cory) berne. Har man dreau yn it plakje Heart Butte, yn it Swartfuot Reservaat, de boerepleats dy't er fan syn âlden urven hie, wylst Calf Boss Ribs sels oan 'e pleatslike legere skoalle stie. Patrick Calf Boss Ribs sr. kaam op 24 oktober 2014 yn 'e âlderdom fan 64 jier te ferstjerren oan in hertoanfal.

Yn 2008 stelde Calf Boss Ribs harsels foar de Demokratyske Partij kandidaat foar in sit yn it Hûs fan Offurdigen fan 'e steat Montana. Dêrby fersloech hja har Republikeinske tsjinstanner Joe Read, sadat se neitiid fan begjin 2009 ôf it fyftjinde distrikt fan Montana yn it Steatskongres fertsjintwurdige. By de ferkiezings fan 2010 waard se lykwols ferslein troch Joe Read, oan wa't se sadwaande begjin 2011 har sit ôfstean moast. Dy wûn se lykwols by de ferkiezings fan 2012 wer werom, en sûnt begjin 2013 sit Calf Boss Ribs sadwaande wer yn it Hûs fan Offurdigen fan Montana. Dêrnjonken is hja sûnt 2012 ek fise-foarsitster fan 'e Blackfeet Tribal Business Council, it bestjoerend orgaan fan 'e Swartfuot Naasje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.