Frits Koolhoven
Sytse Frederic Willem (Frits) Koolhoven (Bloemendaal, 11 jannewaris 1886 - Haarlim, 1 july 1946) wie in Nederlânske auto-ûntwerper, koereur, fleanmasineûntwerper en loftfeartpionier.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koolhoven waard berne yn Bloemendaal. Nei de HBS folge er in oplieding ta yngenieur yn Luik en Antwerpen, wurke er fan 1907 ôf as wurktúchboukundich yngenieur foar it motorfabryk Minerva yn Antwerpen, ried ek yn races en rally's foar harren en waard letter dealer fan Minerva yn Nederlân. Yn 1909 boaske er oan Marie Jeanne Elise Duchateau. Hy krige niget oan de loftfeart. Yn 1910 helle er syn fleanbrevet, kocht syn eigen Hanriot-fleantúch en wie er belutsen by de bou fan it earste Nederlânske fleantúch, de Heidevogel.
Hy ûntwurp in protte fleanmasines, earst yn Ingelân fan 1912 ôf foar it Britske Deperdussin, dêrnei fan 1914 ôf foar Armstrong Whitworth Aircraft. By dy lêste ûntwurp er in tal frijwat suksefolle fleantugen; de earste wie de F.K. 3 ferkenner. Fan de F.K. 8 waarden 1701 stiks makke. De F.K. 10 wie in fjouwerdekker, in ûntwerp dat opfoel as antwurd op de Fokker Dr.1 trijedekker. Dêrnei wie er fan 1917 ôf oan haadûntwerper foar de British Aerial Transport Company (BAT) njonken de Nederlânske sjef-ûntwerper Robert B.C. Noorduyn.
Hy gie werom nei Nederlân, mar dêr waard de fleantúchmerk dominearre troch Fokker, dat hy pakte syn âlde fak as yngenieur wer op by autofabrikant Spyker dy't doe opholden wie mei it meitsjen fan fleantugen. Koolhoven waard advisearjend yngenieur en ûntwurp dêr it lêste automodel, de Spyker C4 Standard Torpedo Cabriolet.
In 1921 rjochte in groep ûndernimmers de Nationale Vliegtuig Industrie (NVI) op en hierde Koolhoven yn as haadûntwerper. It bedriuw hold it mar fjouwer jier út. Lykas ek de BAT hat de N.V.I. in protte technysk avansearre ûntwerpen ûntwikkele, dy't omtinken út de hiele wrâld krigen, mar oarders folgen der hast net.
By de ûndergong fan N.V.I. hat Koolhoven ferskillende oandielhâlders derfan oertsjûge dat de ûndernimming noch hieltyd libbensfetber west hie as hy de folsleine kontrole oer de aktiviteiten hân hie. Doe't de N.V.I. ûntbûn waard, waarden de aktiva oernaam troch in nij bedriuw: N.V. Koolhoven Vliegtuigen.
It bedriuw Koolhoven, waard it twadde fleantúchbedriuw yn Nederlân nei Fokker, mar it fabryk yn Waalhaven waard op 10 maaie 1940 by it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch ferneatige troch de Dútske bombardeminten yn 'e Blitzkrieg. Koolhoven wie der wis fan dat it bombardemint alles te krijen hie mei syn bydrage as fleanmasineûntwerper yn Ingelân yn de Earste Wrâldoarloch. Om ûnbekende reden waard er lid fan de NSB. Nei de oarloch waard er troch de plysje finzen nommen fanwegen dat lidmaatskip, mar in pear dagen letter waard er frijlitten.
Frits Koolhoven stoar yn 1946 yn Haarlim oan in beroerte.
Fan alle ea fan Koolhoven ûntwurpen fleanmasines is mar ien eksimplaar oerbleaun; in Britsk Aerial Transport F.K.23 Bantam. De Stichting Koolhoven Vliegtuigen, dy't yn 1986 oprjochte waard, helle de wrakstukken fan it tastel yn 1990 út Ingelân. It waard restaurearre en is tsjin fergoeding fan de restauraasjekosten oerdroegen oan it Ryksmuseum Amsterdam.
Untwerpen fan Koolhoven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
-
In Britske Aerial Transport F.K.23 Bantam, yn it Aviodrome
-
Koolhoven mei it prototype British Aerial Transport F.K.26, april 1919
-
Spyker C4 Standard Torpedo Cabriolet
Neitins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Op Skiphol is de Koolhovenlaan ien fan de meast wichtige logistike sintra.
- Yn de Haachske stedswyk Ypenburg (it plak fan it eardere fleanfjild Ypenburg) is de Koolhovenlaan nei him ferneamd.
- Soesterberg hat in Frits Koolhovenwei.
- Yn de wyk Zuilen yn Utert is yn de vliegeniersbuurt de F. Koolhovenstrjitte nei him neamd.
- Sassenheim, gemeente Teylingen, hat de Frederik Koolhovenstrjitte.