Springe nei ynhâld

Frisselgrien

Ut Wikipedy
frisselgrien
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift gensiaaneftigen (Gentianales)
famylje frisselgrienen (Apocynaceae)
skaai frisselgrienen (Vinca)
soarte
Vinca minor
Linnaeus, 1753

Frisselgrien (Vinca minor) is in stinzeplantsje dat fan oarsprong út it Middellânskeseegebiet komt. Yn Nederlânske natuergebieten is de plant beskerme. Frisselgrien is feitlik in blêdhâldend strewel. Har aaifoarmige blêden binne mar sa'n 3-4 sm lang, de pearse blomkes fan likernôch 2,5-3 sm ferskine al ier yn de maaitiid. De Vinca minor wurdt mar sa'n 10-15 sm heech, mei útrinners oer de boaiem fan op syn meast in heale meter.

Frisselgrien hat in foarkar foar sinne of healskaad.

Yn Nederlân is de plant yn it wyld seldsum en dêrom beskerme. Frisselgrien wurdt yn tunen in soad brûkt as boaiemôfdekker. Yn súdliker streken is it in algemien foarkommende plant.