Frijheidsbûn
Appearance
It Frijheidsbûn (Liberale Staatspartij) wie in politike partij, oprjochte op 15 april 1921. Doel wie it binen fan liberalen, dy't troch ûnderlinge ferdieldens harren eartiids sa machtige posysje ferlern hiene. Harren oanhing blykt frij lyts, ek yn Fryslân. Yn 1924 seis sitten yn de Provinsjale Steaten, yn 1929 fiif sitten. De oanhing wurdt geandewei lytser, yn 1934 noch fjouwer steateleden, yn 1938 mar twa. Op de foargrûn treden H.J. Peletier, J.P. Hoogland en J. Oosterhof. Yn 1946 gie it Frijheidsbûn op yn 'e VVD.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|