Springe nei ynhâld

Geandewei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Friese Kerkbode)
Geandewei
algemiene ynformaasje
hist. namme Nieuw Fries Kerkblad
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
sjenre tsjerkeblêd[1]
frekwinsje 1x yn 'e fjirtjin dagen[2]
bestean 1994 – no[1]
plak haadred. Ljouwert (Fryslân)[2]
útjouwer St. Kerkelijke Publiciteit
   in Fryslân[2]
oplaach 9.000 (3 edysjes mei-inoar)[1]
offisjele webside
www.geandewei.nl

Geandewei is in tsjerkeblêd fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) foar de eastlike en noardeastlike dielen fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân.[1] It blêd kaam yn 1994 fuort út Friese Kerkbode (dy't sûnt 1946 bestie)[2] fan 'e Grifformearde Tsjerken yn Nederlân yn eastlik en noardeastlik Fryslân, en ferskate pleatslike útjeften fan gemeenten fan 'e Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke yn dyselde krite.[1][2] Yn 't earstoan droech it blêd koarte tiid de namme Nieuw Fries Kerkblad.[2] De redaksje fan Geandewei is fêstige yn Ljouwert.[2] It blêd ferskynt yn prinsipe ien kear yn 'e fjirtjin dagen, hoewol't yn 'e simmer inkele nûmers ien kear yn 'e trije wiken ferskine.[2]

Yn Geandewei steane eigen nijsberjochten en meidielings fan 'e pleatslike PKN-gemeenten, oanfolle mei stikken foar meditaasje, kollumns en artikels dy't sawol persoanlik as opiniëarjend fan aard wêze kinne.[1][2] Der binne trije ferskillende edysjes: ien foar Ljouwert en oangrinzgjende doarpen, ien foar Dokkum en omkriten en ien foar Drachten en omkriten.[1] Geandewei waard oarspronklik útjûn troch de Provinsjale Synoade foar Fryslân fan 'e Samen op Weg-tsjerken. Yn 2004 waard by de oprjochting fan 'e PKN foar dat doel de Stichting Kerkelijke Publiciteit in Fryslân oprjochte.[2] Dy stifting beneamt in redaksje en ûnderhâldt de kontakten mei de dielnimmende tsjerklike gemeenten.[2] De eigentlike eksploitaasje fan Geandewei is troch de stifting ûnderbrocht by it Ljouwerter bedriuw Dekker Creatieve Media & Druk.[2]

Yn 2014 waard it blêd, dat oant dy tiid it oansjen fan in krante hân hie, omfoarme ta in wier tydskrift,[1][2] dat hielendal yn kleur ôfdrukt wurdt.[2] By de fiering fan it 25-jierrich bestean fan Geandewei, op 13 novimber 2019 yn De Fontein, yn Dokkum, waard oankundige dat der tenei ek in digitale ferzje fan it blêd makke wurde soe, as earste foar de Drachtster edysje. De abbonearden koene it blêd dan mei in spesjaal foar dat doel ûntwikkele app lêze.[1] It wichtichste foardiel dêrfan wie neffens útjouwer Bram Dekker dat in grut tal foto's út 'e papierrene edysje ta libben wekke wurde koe as fideo's yn 'e digitale edysje.[1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 ——, Kerkblad "Geandewei" ook digitaal, yn: de Ljouwerter Krante, 14 novimber 2019, s. 28.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 2,13 Ynformaasje fan 'e eigen webside fan Geandewei.