Friedrich Ludwig Hauck
Appearance
Friedrich Ludwig Hauck (Homburg vor der Höhe, 10 augustus 1718 - Offenbach am Main, 4 oktober 1801) wie in Dútske portret- en miniatuerskilder.
Friedrich Ludwig Hauck wie in soan en nei alle gedachten ek in learling fan de lettere karfoarstlike hofskilder Johann Jacob Hauck. Hy festige him yn 1744 yn Frankfurt am Main as portret- en miniatuerskilder nei't er lange reizen troch Dútslân en Ingelân makke hie. Yn 1752 waard er sjuerylid fan it skildersgilde. Letter wurke er tegearre mei syn soan, de skilder Johann Ludwig Hauck (1759-1797), yn Nederlân yn de provinsjes Fryslân en Grinslân.
Friedrich Ludwig Hauck makke benammen portretten en konversaasjestikken neffens Nederlânsk foarbyld.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Portret fan de fjouwer âldste bern fan Daniël de Blocq van Haersma. Rjochts Sybrand van Haersma, lofts fan him syn susters Catharina, Martha Cecilia en syn broer Arend Aulus
-
Portret fan Idsert Aebinga van Humalda (1754-1834)
-
Portret fan Jhr. Frâns Julius Johan van Eysinga
-
Friedrich Ludwig Hauck - Portret fan Neeltje Zijlstra (1744-1765), Anna Nicolaï (1768-^) en Hanna Nicolaï (1772-^) - Frysk Museum
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sabine Michaelis: Friedrich Ludwig Hauck. In: Freies Deutsches Hochstift – Frankfurter Goethe-Museum. Katalog der Gemälde. Niemeyer, Tübingen 1982, s. 46 (Digitaal)
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Friedrich Ludwig Hauck fan Wikimedia Commons. |