Springe nei ynhâld

Fredestimpel fan Riis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fredestimpeltsje fan Riis)
Fredestimpel
bouwurk
Fredestimpel yn 'e Rysterbosk
Fredestimpel yn 'e Rysterbosk
lokaasje
Gemeente De Fryske Marren
plak Riis
adres Murnserleane 1
koördinaten 52° 51' 42" NB, 5° 29' 35" EL
bysûnderheden
type bouwurk timpel
boujier 1814
1970 (weropboud)
boustyl Neoklassisistysk
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 15932
kaart
Fredestimpel fan Riis (De Fryske Marren)
Fredestimpel fan Riis

De fredestimpel fan Riis is in fredesmonumint yn 'e Rysterbosk by Riis yn de gemeente De Fryske Marren. It is ryksmonumint en in kriichsmonumint.

De timpel waard oarspronklik yn 1814 ta omtinken foar de frede nei de Frânske tiid nei't Napoleon nei Elba ferballe wie. Yn 1941 waard de Rysterbosk mei de timpel eigendom fan It Fryske Gea. Op 30 septimber 1944 rekke de timpel swier skansearre nei in mislearre ôffjurjen fan in V2-raket troch de Dútske besetter.

Yn 1945 waard de timpel weropboud en bekostige troch baron Van der Feltz, dy't ien fan de eardere eigeners fan 'e Rysterbosk wie. Dy twadde timpel moast lykwols yn 1969 sloopt wurde omreden de minne boumateriaal dêr't er mei boud wie.

Yn 1977 waard de timpel fannijs weropboud troch frijwillige 65-plussers. It jild waard byinoar sammele troch middel fan in aksje fan 'e doetiidske gemeente Gaasterlân. Hjerstmis dat jiers waard de timpel oerdroegen.

Op 'e fronton stiet de tekst:

PAX
MCCMXIV
RENOVATUM
MCMXLV MCMLXXVII

Dêrûnder stiet de tekst: Vrede, groot geschenk van God, Blijft bestendig Neerlands lot; Laat het dankbaar op U zien. Altijd twist en wraakzucht vlien.

Keppelling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]