Feike fan Inthiema
Feike fan Inthiema of: Frederik van Inthiema (Koudum, ± 1540 - nei 1610) wie in abbekaat en letter boargemaster fan Warkum. Hy skreau ek ferskate boeken.
Hy boaske yn Ljouwert mei de ûnechte Griet (Margaretha) fan Heslinga († 1606), by wa't er fiif soannen en twa dochters hie, wêrûnder Hero van Inthiema.
Hy wie in soan fan Reyn en Sibbel fan Hanckema, út in oansjenlik haadlingelaach, dat op de stins fan Warkum wenne. Hy studearre tsjin it sin fan syn heit yn Leuven en promovearre dêr yn de rjochten. Liet de âlde stins yn Warkum ferfange troch in grut hûs.
Inthiema wie abbekaat by it Hof en lid fan it Ferbûn fan Eallju. As herfoarmingsgesinde wykte hy út nei Emden. As wettergeus tsjinne hy ûnder Joost van Schouwenburg en Lumey. Yn East-Fryslân kaam er yn tsjinst by Edzard II en Johan. Letter kaam er werom nei Ljouwert.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Querela Hollandiae ad illustrem ac fortissimum heroem Guilielmum, comitem de Marck, etc., elegiaco carmine conscripta cum commentariis (1576);
- Carmen de nativitate, sepultura et ressurretione Christi;
- De arcis Lynganee deditionis causa ejusdemque in posterum evitandae cautela et de consequentia probabili elegia una, cui plura diversorumque generum carmina annectuntur (Grins, 1610).
- De malorum Regum gubernatione en Libri tres consiliorum juris (foar 1592).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|