Springe nei ynhâld

Ferdrach fan Lutatius

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frede fan Lutatius)
Rome en Kartago oan it begjin fan de Earste Punyske Oarloch (264 f.Kr.)
Gebieten dy't Kartago oan Rome ôfstie nei it Ferdrach fan Lutatius (238 f.Kr.) yn rôze

Mei it Ferdrach fan Lutatius kaam offisjeel in ein oan de Earste Punyske Oarloch. De namme fan it ferdrach komt fan Gaius Lutatius Katulus, de Romeinske konsul dy't de beslissende Slach by de Egadyske Eilannen yn 241 f.Kr. fan Kartago wûn hie. Hy ûnderhannele mei de Kartaachske generaal Hamilkar Barka en neffens skriuwer Polybius wiene de betingsten fan de oerienkomst:

Ynearsten waard it troch it Romeinske folk fersmiten, mar dy betingsten waarden lang om let mei in pear feroarings oannommen troch Kwintus Lutatius Serko, de broer fan Gaius Lutatius Kalutus. Yn de oanpaste oerienkomst waard besletten dat Kartago mar tsien jier tiid hie om in skeafergoeding fan 3200 talinten (96 ton) werom te beteljen en dat it de eilannen tusken Sisylje en Itaalje, Ustika en de Eolyske Eilannen, en de Egadyske Eilannen, oan de westkust fan Sisylje, ek ôfstean moatte.

J.F. Lazenby, First Punic War: A Military History. Stanford University Press, 1996.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]