Springe nei ynhâld

François Haverschmidt (1906-1987)

Ut Wikipedy
François Haverschmidt
persoanlike bysûnderheden
echte namme François Haverschmidt
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 juny 1906
berteplak Utert
stoarn 28 april 1987
stjerplak Swol
wurkpaad
berop/amt Jurist
aktyf as Rjochter,
ornitolooch
bekendste
  wurk(en)
standertwurk oer fûgels yn Suriname
Dizze side giet oer de ornitolooch en jurist. Foar de dichter en predikant, sjoch: François Haverschmidt.

François Haverschmidt (Utert, 21 juny 1906 - Swol, 28 april 1987) wie in Nederlânsk jurist en ornitolooch.

Haverschmidt wie in pakesizzer fan de predikant-dichter François Haverschmidt, dy't ferneamd waard ûnder de skûlnamme Piet Paaltjens. Hy waard grut yn Utert en studearre dêr ek rjochten. Dêrnei gie er oan it wurk by de rjochtbank yn dy stêd en letter wurke er by rjochtbanken yn Haarlim, Heerlen en Ljouwert.

Begjin 1946 waard hy rjochter yn Suriname. Letter waard hy dêr presidint fan it Hof fan Justysje en twaris waarnimmend gûverneur fan Suriname.

Syn wurkjen yn Suriname joech him de kâns om ûndersyk te dwaan nei de hast noch ûnbekende avifauna fan dat lân. Yn 1968, it jier dat er foar syn pinsjoenearring weromkaam yn Nederlân en him yn Ommen nei wenjen sette, kaam it standertwurk oer fûgels yn Suriname út (mei yllustraasjes fan Paul Barruel). Yn 1994 kaam in fannijs hifke ferzje út mei 68 ekstra fûgels, dêr't by de earste printinge noch net fan bekend wie dat sy foarkamen yn Suriname. Oan dy twadde druk hat ek G. F. Mees meidien en der binne nije yllustraasjes fan Inge van Noortwijk oan taheakke.

Bibliografy (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • List of the Birds of Surinam (1955)
  • Birds of Surinam (1968; ill. Paul Barruel)
  • August Kappler als ornithologischer Sammler und Beobachter in Surinam von 1836-1879 (1973)
  • Die Trauerseeschwalbe: Chlidonias niger (1978)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: