Springe nei ynhâld

Franz Reichelt

Ut Wikipedy
Franz Reichelt
Franz Reichelt mei syn parasjutepak
Franz Reichelt mei syn parasjutepak
persoanlike bysûnderheden
oare namme Henry François Reichelt
nasjonaliteit Frânsk
berne 16 oktober 1878
berteplak Wegstädtl/Štětí, Eastenryk-Hongarije
stoarn 4 febrewaris 1912 (33 jier)
stjerplak Parys
wurkpaad
berop/amt Skroar
aktyf as Utfiner
Bylden fan Reichelts sprong

Franz Reichelt (Wegstädtl/Štětí, 16 oktober 1878 - Parys, 4 febrewaris 1912) ek bekend as Henry François Reichelt nei syn Frânske naturalisaasje, wie in yn Eastenryk-Hongarije berne Frânske kleanmakker, útfiner en pionier op it mêd fan parasjutespringen, dy 't no somstiids de Fleanende Skroar neamd wurdt. Hy wurdt tebinnen brocht om 't er fan de Eiffeltoer sprong wylst er in draachbere parasjutepak fan syn eigen ûntwerp teste.

Reichelt wie fiksearre rekke op it ûntwikkeljen fan in pak foar fleaners dat omfoarme wurde koe ta in parasjute en dêr 't se in fal mei oerlibje koene as se twongen waarden om harren fleantúch yn 'e loft te ferlitten. Hoewol 't er yn de rin fan de jierren meardere prototypen fan wjukken en parasjutepakken makke en dermei eksperimintearre, wiene se oer it algemien mislearrings. Nei syn dea wie it in striidpunt tusken kranten oft ien fan syn ûntwerpen oait funksjoneel wie of net.

Yn de oertsjûging dat in foldwaande heech testplatfoarm de effektiviteit fan syn útfining bewize soe, tsjinne Reichelt geregeld in fersykskrift yn by de prefektuer fan de Paryske plysje foar tastimming om in test út te fieren fan de Eiffeltoer ôf. Hy krige úteinlik tastimming yn 1912, mar doe 't er op 4 febrewaris by de toer oankaam, makke er dúdlik dat er fan doel wie om persoanlik te springen ynstee fan in eksperimint mei dummys út te fieren. Nettsjinsteande besykjen om him te oertsjûgjen it net te dwaan, sprong er dochs mei syn útfining oan fan it earste platfoarm fan de toer. De parasjute tearde net iepen en hy foel 57 meter en dat waard syn dea. De oare deis stiene de kranten fol mei yllustrearre ferhalen oer de dea fan de "domdryste útfiner" en de sprong wie te sjen yn bioskoopsjoernaals.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: