Springe nei ynhâld

Frammuseum

Ut Wikipedy
Frammuseum
Frammuseet
  museum
Frammuseum
Frammuseum
Lokaasje
lân  Noarwegen
ProvinsjeOslo
plakOslo
adresBygdøynesveien
koördinaten59° 54′ N, 10° 41′ E
Algemiene gegevens
ferneamd neiFram
typeMaritym Museum
wurkmêdNoarske poalekspedysjes
oprjochting1936
Arsjitektuer
type gebouMuseum
boujier1936
Offisjele webside
frammuseum.no
Kaart
Frammuseum (Oslo)
Frammuseum
Lokaasje yn Oslo

It Frammuseum (Noarsk: Frammuseet) is in museum yn de Noarske haadstêd Oslo dat wijd is oan de Noarske poalekspedysjes. It museum waard iepene yn maaie 1936 en waard ferneamd nei it skip de Fram, dat yn 1893 yn de feart naam waard, en no ien fan de topstikken fan it museum is.

Ferskate poalekspedysjes krije omtinken yn it museum. Der is in permaninte tentoanstelling oer de ekspedysje fan de lettere Nobelpriiswinner Fridtjof Nansen, dy't mei de Fram nei de Noardpoal fear om dêrnei op skys de Noardpoal besocht oer te stekken. Teffens wurde de Noard- en Súdpoal ekspedysjes fan Roald Amundsen en Otto Sverdrup beljochte. Njonken dingen en dokuminten hat it museum ek in grutte kolleksje opsette bisten út de poalgebieten, lykas iisbearen en pinguïns. It museum hat ek in hieltyd wikseljend programma fan tydlike útstallings.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: