Springe nei ynhâld

Foswerter Munnikhûs

Ut Wikipedy

It Foswerter Munnikhûs mei de Borch moat in state west hawwe dy't ticht by de tsjerke fan Ferwert yn Ferwerderadiel stien hat. It boujier is ûnbekend en der is neat fan werom te finen.

Yn 1289 wenne yn Ferwert in edelman Sibrand Heslinga, dy't grif as de wichtichste doarpshaadman beskôge wurde kin. Hy wie lienman fan de biskop fan Utert, wêrfan hy lykas earder syn foarâlden en syn bruorren, biskoplik tafelgoed yn lien hie. Hy pretindearre dat ta dit liengoed ek it patronaatsrjocht fan de tsjerke fan Ferwert hearde. It tichtbye benediktiner kleaster Foswert protestearre mei súkses tsjin dizze oanspraken: Foswert ferkrige de rjochten op de tsjerke en ûnreplik guod tichtby de tsjerke.

De Foswerter kleasterúthôf Munnikhûs, njonken de Foswerter tsjerke liket dêrom it goed fan de Heslinga's west te hawwen. De Cammingha's fan Blije fierden oan it begjin fan de 12e iuw in fete mei de "Heslinga-mannen". Omdat it Monnikhûs grinzet oan it Ferwerter Cammingha-goed, is it goed mooglik dat ek dy âldere Heslinga's hjir al wennen. Nijsgjirrich is ek dat in perseel njonken it hûs binnen de grêft al yn 1543 de Borch (tsjintwurdich de Berch) neamd wurdt.

Bewenners
  • fam. Heslinga
  • 1289 Sibrand Heslinga
  • Kleaster Foswert

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: