Fort oan de Klop
Fort oan de Klop is in fort yn noard-Utert dat om 1820 hinne oanlein waard by it plak dêr't de Klopfeart útrûn yn de Fecht.
Koart foar 1850 waard it fort in stik grutter makke en krige it syn hjoeddeiske ûnregelmjittige foarm. Koart dêrnei waard it bomfrije wachthûs boud. As de wetterliny ûnderrûn wie koe men by it fort passeare, wylst fijanlike troepen der ûnder fjoer nomd wurde koenen. De bou barde sa'n fiif jier neidat de âlde Hollânske wetterliny nei it easten opskood waard en de namme de Nije Hollânske Wetterliny krige. It grutte ferskil mei de âlde liny (út de 17e iuw) wie dat no ek Utert binnen it ferdigeningswurk foel. De Nije Hollânske Wetterliny is mei inoar trije kear ûnder wetter setten, om sa te foarkommen dat fijanlike ynfantery troch it gebiet marsjearje soe: yn 1870 (Frânsk-Dútske Oarloch), yn de perioade 1914-1918 (Earste Wrâldoarloch) en yn 1939 (Twadde Wrâldoarloch).
Yn 2004 begûn de gemeente mei de restauraasje fan it fort. Op it fort sit in lytse (rêchsek)kemping en yn it wachthûs sit in teehûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |