Springe nei ynhâld

Fort De Gagel

Ut Wikipedy
Fort De Gagel
Fort De Gagel
Fort De Gagel

Fort De Gagel is fort mei ierden wâlen benoarden Utert en waard oanlein tusken 1819 en 1821. It fort wie foar de ôfsluting fan de Gageldyk, Tsjerkeinske Dyk, as flankearring fan de Klopdyk en tagelyk ta beskerming fan foarlizzende innundaasjeslûzen. Ynearsten bestie it út in L-foarmige ierden wâl mei opstelplakken foar it geskut, mei in grêft der om.

Yn 1848 waard it destiidske wurk yngripend feroare en yn 1850-1852 waard yn de kiel in fjouwerkant, bomfrij wachthûs fan 16 by 16 meter boud oan de kant fan Utert mei muorren fan oardel meter dik mitselwurk. Hjirom hinne lei in grêft en foarme sa in redûte. Boppe-op it wachthûs koenen 2 houwitsers (kanonnen opsteld wurde en efter de muorren mei sjitgatten wie romte foar gewearskutters.

Omtrint 1880 waard de grêft om it wachthûs foar in diel tichtsmiten. It wachthûs waard binnenyn ferboud en de iepen boppeste ferdjipping waard weihelle. It wachthûs is noch yn de steat fan 1880 mei oan alle kanten sjitgatten. De haadsjitrjochting is rjochting de Gageldyk.

Om Fort De Gagel leit lânynrjochtingsprojekt Noarderpark mei dêryn de Gagelbosk. Dit bosk hat in oerflakte fan 55 hektare en is bedoeld as rikkeraasjeterrein. Benoarden en easten fan it fort lizze in oantal groeps-skûlplakken út de tiid foar de Twadde Wrâldoarloch. Se wienen bedoeld foar de soldaten om yn te skûljen foar at der yn it iepen lân troch bombardeminten of besjittingen te gefaarlik waard. It terrein fan Fort De Gagel is iepen foar publyk mar de gebouwen net.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: