Springe nei ynhâld

Kofjemole (wynmole)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Formearumermole)
De Kofjemûne yn 2008
Formearumer Mole

De Kofjemole, ek de Formearumermole neamd, is in eardere nôtmole en hjoeddeisk ryksmonumint yn it doarp Formearum op Skylge. It is in houten achtkante mole, op mitsele foet en houten ûnderbou en dekt mei reid. De mole hat in flecht fan 19,50 m. en in stellinghichte fan 3,25 m. De Kofjemole is de ienige wynmole op Skylge. Yn it reidtek fan de mole is it wapen fan Skylge ferwurke.

De mûne waard oarspronklik yn 1838 boud yn it buorskip Dellewal by West-Skylge. Yn 1876 waard hy oerbrocht nei syn hjoeddeiske stee oan de westrâne fan Formearum. Nei 1935 hie de mole op ien roede, it systeem-Bilau. Om 1949 krige hy fokwjukken.

Yn 1964 waard it gedielte op de grûn ynrjochte as kofjehûs en waard it motorhok fan de mole ferboud ta keuken en toiletromte. It binnenwurk waard lykwols yntakt litten, wêrtroch't de mole noch altyd draaie kin. Hy waard yn 1980-1981 restaurearre. Dat barde nochris yn 2002, doe't de ferrustke úteinen fan de laske roeden ferfongen waarden. Ek de sturtbalke waard fernijd.

De Kofjemole is in ryksmonumint. Hy is draairee en draait ek wier sa út en troch. De mûne is hieltyd noch in kofjehûs, en dat part fan de mûne is vrij tagonklik. Op ôfspraak is ek de rest fan de mûne te besjen. De mûne is lykwols net mealree: De ynrjochting is net hielendal kompleet mear. Njonken de hast komplete mealynrjochting is der ek noch in ynkomplete pelynrjochting; faaks hat de mûne njonken nôtmûne ek pelmûne west.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: