Folk en Tael
Appearance
Folk en Tael wie in moanneblêd fan de Fryske Underrjuchtliga dat yn 1923 oprjochte waard. As biedwurd brûkte de redaksje Frysk op skoalle. It woe dit by âlden en ûnderwiislju ûnder de oandacht bringe. Dit waard dien middels it besprekken fan boeken, it jaan fan oansetten ta geakunde en in bernerubryk. Folk en tael waard troch de Dútsers ferbean yn de Twadde Wrâldkriich. Redakteuren wiene Sjouk Bierma, Ulbe van Houten en S.E. Wendelaar Bonga.
Yn 1926 skreau Fedde Schurer it boek "Folk en tael", oer syn ûntslach as ûnderwizer.