Springe nei ynhâld

Fokker F-11

Ut Wikipedy
Fokker F-11
algemiene ynformaasje
makkerFokker Aircraft Corporation of America
(ek: Atlantic Aircraft Corporation
Fokker-America/Atlantic-Fokker)
ûntwerperAlfred Gassner [1]
gebrûk
earste flecht1928
tal makke6
Fokker B.I

De Fokker F-11, ek bekend as Fokker B.IV, wie in lúks amfibysk fleantúch dat ein jierren 20 yn de Feriene Steaten as 'loftjacht' produsearre waard. Technysk sjoen wie it tastel de Model 9 fan Fokker Aircraft Corporation of America. De earste flecht wie yn 1928.

It Fokker wetterfleantúch waard ferkocht yn Noard-Amearika as de Fokker F-11 en yn Europa as de Fokker B.IV. Nei 't seis fleantugen produsearre wiene, waard dúdlik dat it ûntwerp net goed ferkeapje soe. In pear waarden ferkocht, wêrûnder twa oan opmerklike multymiljonêrs; Harold Vanderbilt en Garfield Wood kochten der elk ien. Ien waard kocht troch Air Ferries yn San Francisco. De F-11 A waard ferkocht foar 40.000 dollar. Dy priis waard ferlege nei 32.500 dollar as gefolch fan de depresje fan 1929. De F-11 wie in kommersjele mislearring.

De rompstruktuer bestie út oan elkoar klonken fan duraluminium seksjes fan fakwurkkonstruksje beklaaid mei Alclad-panielen. De earste twa of trije tastellen hiene noch nije rompbeammen dy't de tsjillen fan it haadlâningsgestel oan de úteinen droegen. Foar wetterlâningen koene de giken wat omheech swinkt wurde om it lâningsgestel te stabilisearjen. Dy technyk like lykwols net in sukses te wêzen, om't alle folgjende fleantugen konvinsjonele driuwers yn 'e midden fan beide fleugels hiene.

Fokker F.11a fan Air Ferries op in wetterfleantúchhelling yn San Francisco
Parameters Gegevens F-11A [2] Gegevens F-11AHB[3]
Bemanning 2
Passazjiers 4 bis 5 (max. 8)
Lingte 13,73 m
Spanwiidte 18,00 m
Gewicht leech2020 kg2300 kg
Lading1100 kg969 kg
Krúsfaasje152 km/o157 km/o
Maks. faasje179 km/o186 km/o
Lâningsfaasje80 km/088 km/o
Tsjinstplafond3500 m3350 m
Fleanberik640 km
Oandriuwing1 × Wright R-1750D Cyclone njoggensilinder-stjermotor fan 525 hk,
Metalen propeller mei trije blêden, dy't op 'e grûn yn in oare stân set wurde koe
1 × Pratt & Whitney Hornet B fan 575 hk
  • E. R. Johnson: American Flying Boats and Amphibious Aircraft, McFarland and Co., 2009, ISBN 978-0-7864-3974-4, s. 129–131
  • Bart van der Klaas: Fokker's American Heydays. Yn: AIR Enthusiast No.68, maart–april 1997, s. 2–15
  • Joseph P. Juptner: U.S. Civil Aircraft Series. Bân 3, Aero Publishers, 1966, s. 68–70

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Noboru Jyoko, Fairchild F. 91 Flying-boat Type Amphibian, Journal of the American Aviation Historical Society, Spring 1984, s. 16
  2. E.R. Johnson, 2007, s. 129
  3. J. P. Juptner, 1966, S. 68–70