Fokker D. X

Ut Wikipedy
Fokker D.X

Fokker D.X (of D.10) wie in Nederlânske jachtfleanmasine, ûntwikkele krekt nei de Earste Wrâldkriich.

De haadûntwerper by Fokker, Reinhold Platz, tekene de Fokker D.VIII yn 1918. It wie in heech- en iendekker. Syn rotaasjemotor levere mar 82 kW (110 hk), mar it hie goede fleaneigenskippen. Der waarden 60 tastellen yn Dútslân boud.

Nei de kriich brocht Anthony Fokker syn fabryk oer nei Nederlân, dêr't de produksje fuortset waard. De D.X wie in fergrutte ferzje fan de D.VIII, en syn súkses bleau beheind. Tsien tastellen waarden oan Spanje ferkocht en ien oan Finlân, dy't tsjinst die yn 1923-24.

Brûkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flagge fan Spanje ESP
Spaanske Loftmacht (10)
Flagge fan Finlân FIN
Finske Loftmacht (1)

Spesifikaasjes (D.X)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bemanning: 1
  • Lingte: 8 m
  • Spanwiidte: 14 m
  • Hichte: 2.95 m
  • Maks. gewicht om te fleanen: 1,250 kg
  • Motor: Hispano-Suiza 8Fb floeistofkuolle V8 motor 300 hk
  • Maks. faasje: 225 km/o
  • Bewapening: 2 × 7.92 mm (.312 in) LMG 08/15 "Spandau" masinegewearen yn de noas