Foarbeatsjerke oan de Borovaja Ulitsa

Ut Wikipedy
Foarbeatsjerke
De restauraasje fan 'e Foarbeatsjerke.
De restauraasje fan 'e Foarbeatsjerke.
Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adres Borovaja Ulitsa
koördinaten 59° 54' N 30° 20' E
Arsjitektuer
arsjitekt Nikolaj N. Nikonov
boujier 1890-1897
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 781510391710006
Webside
church-pokrov.ru
Kaart
Foarbeatsjerke oan de Borovaja Ulitsa (Sint-Petersburch-Sintrum)
Foarbeatsjerke oan de Borovaja Ulitsa

De Foarbeatsjerke (Russysk: Покровская церковь; Pokrovskaja tserkov) is in Russysk-otterdoks tsjerkegebou oan 'e Borovaja Ulitsa (Боровая улица) yn Sint-Petersburch yn 'e Russyke Federaasje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke foar 1917.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1890-1897 troch de arsjitekt Nikolaj Nikititsj Nikonov boud foar in yn 1883 stifte biskoplike bruorskip. Dat bruorskip hie as doel om it otterdokse leauwe te befoarderjen troch mear religieuze en morele foarljochting, it opsetten fan parochiale skoallen en bibleteken, it útjaan fan religieus wurk en de organisaasje fan tsjerkekoaren.

De benedentsjerke waard op 12 oktober 1893 oan 'e hillige martler Bonifatius wijd en de boppetsjerke op 9 maart 1897 oan 'e foarbea fan 'e Jongfaam Marije. De tsjerke waard foar de revolúsje in sintrum fan religieus ûnderwiis mei in soad aktiviteiten. Tsjinsten wiene yn it Russysk, Ingelsk, Dútsk en Letsk en de tsjerke hie in grut misjonêre rol. De tige dekorative tsjerke fertsjintwurdiget de styl fan 'e Russyske tsjerke-arsjitektuer út de 17e iuw.

Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de ôftwongen sluting yn 1935 sette it ferfal fan 'e tsjerke yn. De tsjerke waard as bedriuw en fabryk brûkt en nei de oarloch as pakhûs. It yndustriële misbrûk fan it gebou sette de delgong noch hurder yn. Foar de nije funksje waard it ynterieur foar in grut part ferboud. De hege spits waard folslein ôfbrutsen en ek de koepels waarden ferwidere.

Weropbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke mei it doe noch Latynske krús fan 'e Evangelyske kristenbaptisten (2012).

It gebou waard yn 1989 troch de Ried foar Religieuze Saken tawiisd oan 'e Evangelyske kristenbaptisten, dy't útein setten mei yntern restauraasjewurk, it skjinmeitsjen, de ferwidering fan masines en pún en it tichtsjen fan it dak, dêr't yntusken al ferskillende beammen op groeiden. Nei fjouwer moanne wurk koene de baptisten dêr harren earste tsjinsten hâlde, dy 't de tsjerke yn 1992 as it 'Hûs fan it Evangeelje' iepenen.

Yn 2012 krigen de baptisten in oar gebou en sa krige it bisdom fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke de tsjerke werom. De tsjerke waard yn itselde jier in metochion fan it Sint-Antonius-Dimski kleaster. De earste otterdokse tsjinst yn 'e tsjerke fûn op 11 augustus 2012 plak.

It gebou hie in hiel soad fan it oarspronklike oansjen ferlern. In krekte stúdzje fan in pear ôfbylden fan 'e tsjerke brocht genôch ynformaasje, wêrmei't in rekonstruksje útfierd wurde koe. Sûnt 2019 waard de tsjerke foar in bedrach fan 24,7 miljoen rûbel wer yn 'e âlde gloarje werom brocht. Op 7 desimber 2019 waarden de fjouwer koepels en de grutte koepel wer op de tsjerke set.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Покровская церковь на Боровой улице