Springe nei ynhâld

Bonifatius fan Tarsus

Ut Wikipedy
Bonifatius
   hillige
19e-iuwsk ikoan fan Bonifatius (Dmitry Korin)
19e-iuwsk ikoan fan Bonifatius (Dmitry Korin)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 3e iuw
berteplak Rome
stjerdatum 306-307
stjerplak Tarsus (Turkije)
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerken
hjeldei 14 maaie
19 desimber

Bonifatius fan Tarsus wie in Romein en ferstoar yn 307 de martlersdea by de kristenferfolgings ûnder keizer Galearius. Bonifatius is ien fan de fiif iishilligen.

Algae en Bonifatsius (Alexandre Cabanel)

Oer it libben fan Bonifatius is net in soad bekend. Hy waard yn Rome berne en libbe yn de 3e iuw as slaaf en minner fan Aglaë, dy't der in dekadinte libbensstyl op nei hold en Bonifatius der op útstjoerde om yn Tarsus reliken op te heljen fan kristlike martlers, dêr't yn Rome sa oer beard waard.

Yn Tarsus waarden troch de dêr oanhâldende ferfolgings in soad kristenen fermoarde en Bonifatius makke sels mei hoe slim oft de kristenen yn Tarsus troch Galearius te lijen hiene. De moed fan de kristenen makke grutte yndruk op Bonifatius en lang om let liet er him ek dope. Bonifatius makke gjin geheim fan syn doop en waard troch soldaten finzen set en tamtearre. Hy ferstoar op 14 maaie 307, doe't se him yn 'e gleone tarre smiten.

Syn oerbliuwsels waarden mei de reliken foar Aglaë troch syn gesellen werom brocht nei Rome. Ek Aglaë bekearde har, hja liet Bonifatius begrave oan de Via Latina, ferdielde har besit en loek har werom yn in kleaster. Letter waarden de reliken fan Bonifatius oerbrocht nei de basilyk fan Santi Bonifacio e Alessio yn Rome.

Tegearre mei Mamertus, Pankratius, Servatius en Sofia heart Bonifatius ta de iishilligen. Yn 1969 is de ferearing fan de hillige by in fernijing út it Calendarium Romanum Generale skrast.

Yn de 12e iuw waard Bonifatius (sûnder Aglae) tafoege oan it Calendarium Romanum Generale. Yn 1955 degradearre paus Pius XII syn feestdei ta in betinking yn in misse troch de wike. Mei it op 'e nij besjen fan de Calendarium Romanum Generale yn 1969 waard de namme fan Bonifatius fan Tarsus hielendal skrast.

  • Roomsk-Katolike Tsjerke: 14 maaie
  • Eastersk-Otterdokse Tsjerken: 14 maaie, 19 desimber
  • Armeenske Tsjerken: 19 juny

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: